Thús - 1 - 2 - 4 - 7 - A - B - C - D - E - F - G - H - I - J - K - L - M - N - O - P - R - S - T - U - V - W - Y - Z



Op fryskekameleonfilm.nl fine jo alle Fryske muzyk en films op cd as dvd. Klik op ien fan de letters as sifers hjir boppe om in oersjoch te krijen fan alle skiven mei dy begjinletter as klik op Thús om nei in samling ferneamde skiven te gean.


Tsjoch - in priuwke


Tsjoch - in priuwke (1992)

Foar 1975 waard de folksmuzyk yn Fryslân droegen troch mar inkelde spylders. It wie in smelle en brekbere basis. Om dy basis te ferbreedzjen en de folksmuzyk, yn wat foar foarm dan ek, in kâns te jaan by in breder publyk, is de feriening Tsjoch oprjochte. De doelstelling wie al it oanwêzige muzikale talint te bondeljen en in poadium te bieden. Mar sûnder meiwurking fan it publyk soe dy opset net slagje. Dat poadium bestiet ûnder oaren út it jierlikse Tsjochfestival yn 'e neisimmer dêr't omraken spile en dûnse wurdt. De ks dy't jo no yn hannen hawwe jout in part fan it repertoire fan wat yn Fryslân him presintearret as folksmuzyk. De oanwinnende belangstelling fan it publyk foar de aktiviteiten fan Tsjoch mei sjoen wurde as in sukses fan de spylders. It docht ek bliken dat har wurk troch de harkers tige op priis steld wurdt. Want harkers en spylders, hja kinne net sûnder inoarren. Wat soe der fan in folk oerbliuwe as it sûnder muzyk en poëzy troch de tiid moast? Poëzy en muzyk jouwe glâns en krêft oan it bestean. En allinnich mei dit foar eagen te hâlden sil Tsjoch meidwaan kinne yn Europeesk ferbân.

1 Doarpsfeest - Doede Veeman
2 De kening fan de greide - Piter Wilkens
3 Lêste jûn - Foarhinne keamerkoar excelsior
4 Dat "fertederjende" - Bauke & Greetje
5 Hikke Tjerds (ûnbekende figuren út de Fryske skiednis - LXI) - Kat yn 't seil
6 Altyd utselfde - Doede Bleeker
7 Alternatyf Bildts folksliet - Titia Lont
8 Kabouters - Occajun
9 Woeh de blommen - Koos Tiemersma
10 De ûngelikense striid - Irish stew
11 Vier uren - Dok'm
12 Wat haw ik eins b' d' ein - V-3
13 Nije tiden - A3
14 Myn reade beppe - Janneke Hoekstra
15 Roosmarietje - Sietze de Vries
16 Ellende zat - Karst Berkenbosch
17 Jou my in liet - Gysbert
18 Earlik sein - Jaap Louwes
19 Wiltsje fan Peazens - Wiltsje fan Peazens